25 Desimber 26 Desimber

1e en 2e krystdei

Bûten is it donker en kâld mar binnen is it waarm en smûk. Us advys: begraaf dy lekker mei in steapel boeken op de bank. Yn ús boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert en/of yn ús websjop fynst in hieieiel soad boeken dy’t it lêzen mear dan wurdich binne! Enne, in moai boek is fansels ek super leuk om kado te dwaan #dochinboekkado. Fansels pakke we dyn kado of kadootsjes moai yn en dyn online bestelling ferstjoere wy om de feestdagen hinne faak ek noch ekstra foardielich.