24 Oktober

BBA op besite by De Opslach en It Fûnemint, Wommels

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur (BBA) nei sawol CBS It Fûnemint as OBS De Opslach yn Wommels, om oan de learlingen fan de midden- en boppebou te fertellen, foar te lêzen en fragen te beäntwurdzjen. Nei ôfrin krije de bern allegear de spesjale BBA-boekelizzer kado. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.