28 Oktober

BBA op besite by De Paadwizer, Parregea en De Reinbôge Tsjerkwert

Hjoed ûntfange de bern fan CBS De Paadwizer yn Parregea en middeis dy fan CBS De Reinbôge yn Tsjerkwert Berneboeke-ambassadeur (BBA) Lida Dykstra. Sy sil oan de hân fan de boeken yn de Lêskoffer fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje en ek efkes mei de bern kreatyf oan de slach. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.