9 Desimber

BBA op besite by It Finster, Warkum

Hjoed sil de Berneboeke-ambassadeur (BBA) nei CBS It Finster yn Warkum, om oan de groepen 1, 2 en 3 ynteraktyf foar te lêzen en fragen te beäntwurdzjen. Nei ôfrin krije de bern allegear de spesjale BBA-boekelizzer kado. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.