20 Juny

Berneboeke-ambassadeur op besite by De Fûgelsang, Berltsum

De groepen 3, 5 en 6 fan CBS De Fûgelsang yn Berltsum krije hjoed de Berneboeke-ambassadeur (BBA) op besite. Lida sil foarlêze en fragen oer it skriuwersfak beäntwurdzje, mar ek oan it kreatyf skriuwen mei de âldere bern. Wolle jim de BBA ek útnûgje? Allinnich yn de moannen maaie en juny binne noch in pear plakken frij. Opjaan kin fia www.berneboekeambassadeur.frl.