17 Maaie

Sjongfestival

Troch koroana dit jier gjin Sjongfestival yn in grutte seal mei optredens op it poadium mar in programma op TV! Yn it programma draait it allegear om de wille fan muzyk meitsjen en it ynspirearjen fan skoallen ta (Frysk) muzykûnderwiis. Fjouwer skoallen krije de opdracht om mei help fan twa professionals yn ien dei in ferske te meitsjen. Se krije de kar út in sjenre en moatte sels in tekst skriuwe oer in ûnderwerp dat sy belangryk fine. Dêrneist wurde sjoggers ynspirearre mei edukative explainers. Fan 17 maaie ôf is it Sjongfestival moandeis te sjen fia Youtube.com/tsjilInstagram.com/tsjil_Omropfryslan.nl/tsjil en de Omrop Fryslân Tsjil-app.