12 Juny

Tomkes jierdeifeestje

It is ‘m net oan te sjen, mar Tomke fiert dit jier syn 25 jierrich jubileum! Wa’t jierdei is traktearret en dêrom ferskine der fan ‘t jier ferskillende feestlike nije produkten fan Tomke en organisearje wy ek in tal feestlike aktiviteiten om it mantsje hinne. As it kin fanwegen it koroanafirus, hâldt Tomke hjoed syn jierdeisfeestje. Kompleet mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. Hâldt ynformaasje oer alle feestlikheden yn ‘e gaten fia de Tomke webside, de Tomke socials en de Tomke nijsbrieven!