20 Oktober

Utrikking Diet Huberpriis

Hjoed wurdt de earste Diet Huberpriis, ornearre foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek, útrikt oan Mirjam van Houten foar har berneboek By beppe útfanhûs. De sjuery keas ienriedich foar By beppe útfanhûs: “De yllustraasjes binne net allinne moai fan foarm en kleur mar litte mear sjen as de tekst jout. Se fertelle in eigen ferhaal. It boek is krekt sa’t Diet Huber it sels ek ha woe: ûnferfangber en autentyk.’’ De priisútrikking fynt plak yn museum Belvédère yn Oranjewâld.