Lida Dykstra

Ambassadeur 2020, 2021, 2022

Lida Dykstra skriuwt berneboeken yn it Frysk en yn it Nederlânsk, en set sels har wurk fan de iene nei de oare taal oer. Neist printeboeken (Mûske myn famke, Knipperke, Pykje Fjouwer), en boeken foar begjinnende lêzers (Ridder Jet, De tún fan Trip) skriuwt sy ek foar âldere jeugd.

By dy boeken (Wolken fan Wol, Spegelspreuk, Wenje yn in Skilderij) lit sy har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Lida hat û.o. twa kear de Simke Kloostermanpriis, de priis foar it bêste Fryske berneboek, wûn.

Fan 2015 ôf is sy Skoalskriuwer. Fan 2020 ôf is sy foar twa jier beneamd as Berneboeke-ambassadeur. Foar mear ynformaasje: www.lidadijkstra.nl

De Boeken fan Lida Dykstra

Miskien hat Berneboekeskriuwer Lida Dykstra by jim op skoalle west of hast in optreden fan har sjoen yn de biblioteek. No hast fansels sin om in boek fan har te lêzen. Op har website steane alle boeken dy’t sy skreaun hat, yndield op leeftyd.

Tsien lytse hekskes

Ûnderbou | ISBN: 90 5615 112 6

In fleurich printeboek mei ôftelrymkes. It earste hekske falt fan ’e biezem, de twadde wurdt fuortjage troch in draakje, de tredde komt ûnder de kowedong te sitten… De lytse hekskes komme stik foar stik yn sokke nuvere sitewaasjes telâne, dat der hieltyd ien minder oerbliuwt. Oant mem hekse oan ’e ein mei ien swaai fan har toverstaf alle hekskes wer weromtoveret.

Knipperke

Ûnderbou | ISBN: 978 90 6273 912 7

Printeboek oer in lytse das dy’t net sliepe wol, ek al is de wintersliep noch lang net oer.

Heit Daks en mem Durkje lizze lûd te snoarkjen. Mar lytse Epke wol gjin knipperke dwaan. Och heden nee. Hy hat hûnger. Hy moat pisje. Hy sangeret en rint fuort. Har ried te’n ein besykje syn âlden him sa wurch te meitsjen, dat er him wol deljaan móat. Se hinkelje mei him, fuotbalje, bokjespringe en dogge weikrûperke. Mar oft dat Epke wol wurch makket…

Pykje Fjouwer

Ûnderbou | ISBN: 978 94 9217 645 5

In printeboek oer it earste jier fan in skriezepykje.

Pykje Fjouwer wurdt troch syn famylje achterlitten om’t er net gau genôch út it aai komt.. Fuortdaalk komt er yn de problemen. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Dêr fielt Pykje Fjouwer him al gau thús tusken de oare bisten. Mar as it jier ferstrykt, begjint it by him te kribeljen. Pykje Fjouwer wol fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Dat fynt Kealtsje net sa’n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol werom sjen?

Ridder Jet

Middenbou | ISBN: 978 94 6038 114 0

Der driget rûnom gefaar yn it ryk fan prinses Jet. Der rinne boeven om, en ek noch in fjoerspuiende draak. Dêrom ûntsnapt se – oan in lange sjaal – út de toer dêr’t se opsletten sit. Alderearst giet se achter twa dieven oan dy’t in beurs stellen ha.

Gelokkich kriget se help út ûnferwachte hoeke…
Ridder Jet is in diel út de Sweltsje-rige foar begjinnende lêzers, skreaun op nivo AVI -Frysk E3.

De blauwe jonge

Middenbou | ISBN: 978 90 6273 983 7

It hûs fan jonker Johan, Uniastate, moat opknapt wurde. Dêrom besiket de jonker om oan jild te kommen. De hiele klasse fan juf Roas helpt mei.

Jonker Johan wol ek rûnliedings jaan. Mar as dêr te min belangstelling foar is, ropt Jort ynienen dat der in spoek op de state wennet. Dy blauwe jonge lit him soms sjen by folle moanne, swetst Jort. Nó is der folop belangstelling foar de rûnlieding. Mar Jort hat in probleem… Wêr hellet er samar in spoek wei?
Gelokkich binne syn freonen Hiske, Brit en Ben der ek noch. Mei help fan pake Appy en Eabele fan Studio F betinke se in prachtige stunt.

Sipke syn Alvestêdetocht

Middenbou | ISBN: 978 90 47 62517 9

In twatalich Gouden Boekje op rym.
Pake Pipermûs docht mei oan de Alvestêdetocht, dat fynt er it moaiste wat der is. Wat er net wit is dat Sipke, syn pakesizzer, stikem yn syn tas krûpt is, want Sipke woe ek sa graach meiride en Fryslân sjen.

Wolken fan wol

Boppebou | ISBN: 90 561 5032 4

It is orakeldei yn Delphi. In lange rigel minsken stiet te wachtsjen foar de Apollotimpel om de god ried te freegjen. Cornix, in wurge skierroek dy’t eins in betsjoende prinsesse is, lânet op de holle fan in hardersjonge. Om’t se lang wachtsje moatte oant se oan bar binne, begjint Cornix ferhalen te fertellen. Oer minsken dy’t troch de goaden omtovere wurden yn bisten of sels planten. Mar de goaden ha likegoed sa har problemen…

De huodsjes fan Mata-Hari

Boppebou | ISBN: 978 949 2052 37 7

Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy’t yn 1917 troch de Frânsen deasketten waard, wie by har libben al wrâldferneamd, mar tsjintwurdich noch mear. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?

Yn dit ryk yllustrearre boek fertelle de huodsjes fan Mata-Hari mei-inoar it libbensferhaal fan harren eigeneresse. Breidswale tinkt werom oan de jonge breid dy’t mei in âldere offisier troude. Reishuodsje wit noch hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje deasketten waard. En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.

It Spûkskip

Boppebou | ISBN: 978 94 93159 04 4

In boek mei 25 koarte ferhalen, dy’t spylje yn it no, yn it ferline of yn fiere lannen.

Sy geane oer fan alles en noch wat: in famke fan tsien dat trouwe moat, in âlde ezel dy’t him net begrave lit, in spûkskip, in ingel dy’t op besite komt, in oaljefant dy’t in auto plettet … Guon ferhalen binne grappich, oare grizelich of oangripend.