Tialda Hoogeveen

Ambassadeur 2023, 2024

Tialda Hoogeveen (1974) is skriuwer en sjoernalist. Se skriuwt foar bern en foar folwoeksenen, yn it Frysk en yn it Nederlânsk, fiksje en non-fiksje, artikelen en poëzij. Yn har boeken spylje skiednis en natuer faak in rol. De haadpersoanen yn har ferhalen binne gauris op syk nei harren plak yn de wrâld en it libben.

Fan har hân ferskynden koartlyn ‘Abe en de Aardichman’, de Fryske oersetting fan it printeboek ‘Maia en har freonen’. Troch it jier hinne kinst fan har lêze yn de jongereinmagazines Tsjil en LinKk.

As Skoalskriuwer hat sy oan it wurk west yn Gerkeskleaster, de Gerdyk en it Hearrenfean om sa bern entûsjast te meitsjen foar taal en ferhaal.

Mear oer Tialda kinst fine op tialdahoogeveen.nl.

Abe en de Aardichman

ISBN: 9789493159884

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern fan 5-9 jier. Yllustraasjes: Yke Reeder.

Maia en har freonen

ISBN: 9789493159846

De Fryske útjouwers bringe meielkoar it Oekraynske printeboek Maia en har freonen belangeleas út yn it Frysk

It is it ferhaal oer Maia, har klasgenoaten en harren juf Julia. Dy leart de bern dat it net útmakket oftst yn in lyts gesin wennest of yn in grutte clan. Ast no wol of net ‘echte’ famylje bist. Hoefolle memmen of heiten ast hast. It wichtichste is om fan elkoar te hâlden en inoar te respektearjen. Dy wearde is hillich.

Dy wearde is wichtiger as oait no’t it wer oarloch is yn Europa en miljoenen bern en har âlden harren thúslân Oekraïne ferlitte moatte.

De opbringsten fan Maia en har freonen binne foar UNICEF-Oekraïne.

Wurden fan Timo

ISBN: 9789493159549

Wurden fan Timo is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener, dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat se vmbo-eksamens dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou en freonskip en ferbining fia muzyk.

Dit boek is skreaun foar it LêsNo-projekt, in lêsbefoarderingsprojekt foar learlingen yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

DJ Elle en oare LinKk ferhalen

ISBN: 9789492176592

De moaiste, spannendste, grappichste, treurichste, bêste ferhalen út it tydskrift LinKk.

In blomlêzing fan ferhalen út LinKk… Binne dy ferhalen dan sa belangryk? Ja! Foar in flink part fan de skoaljeugd foarmje dizze ferhalen it alderearste kontakt mei Fryske literatuer.  Yn goed tsien jier LinKk binne der sa’n 80 ferhalen ferskynd en dêr sieten pronkjes tusken. Reden genôch om de bêste, grappichste, moaiste, leukste, spannendste of treurichste eksimplaren nochris foar it fuotljocht te bringen.
LinKk is in tydskrift dat útjûn wurdt troch it Sintrum Meartaligens fan Cedin en ferskynt seis kear yn it jier.