Boekpresintaasje 'Maia en har freonen'

Fannemiddei wie de boekpresintaasje fan de oersetting fan it Oekraynske berneboek ‘Maia en har freonen’ yn de bibleteek fan Snits. It earste eksimplaar waard oanbean troch Motvey út de Oekraïne oan Gertrud Palstra fan FERS, dy’t foar de bibleteken yn Fryslân Oekraynske boeken besteld hat foar flechtlingen. Underwilens hawwe ek de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel al harren basisskoallen twa eksimplaren fan ‘Maia en har freonen’ skonken.‘Maia en har freonen’ is in Oekraynsk berneboek fan Larysa Denysenko, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen. De folsleine opbrinst fan de ferkeap fan it boek giet nei UNICEF Ukraine, dy’t har ynset foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne.

De tastânkomming fan it boek is in unikum: alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en nimme ek de ferkeap fan it boek mei-inoar op harren.

Fuortendaliks bestelle? Gean dan nei ús websjop.