Der is wer in nije heit&mem

Hawwe jim de nije heit&mem al sjoen? It tydskrift foar âlders foar bern fan 0-12 jier, yn it Frysk en it Nederlânsk, is ynkoarten wer rûnom yn de provinsje te krijen. Hielendal fergees! Yn it blêd lêst dit kear oer ûnder oaren oer bern yn it ferkear, hormoanen, oer leave omkes en tantes, oer bern op de yogamatte en noch folle mear.It tydskrift heit&mem wurdt yn in oplaach fan 40.000 stiks troch hiel Fryslân rûnbrocht en is te krijen by biblioteken, skoallen, sikenhúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje en de ferspriedingslist fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoarge litte. It blêd is hjir online te bestellen en dan betellest allinne de ferstjoerskosten. Leauer online lêze? Jawis, dat kin ek. Sjoch yn dat gefal hjir.

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of organisaasje? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl. Ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem.

In protte lêswille tawinske!