Dichter fan Fryslân ‘on tour’ by basisskoallen yn Fryslân del

Poëzy kin folle mear wêze as in aardich ekstraatsje. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, lit sjen hoe’tst poëzy ynspirearjend en boartlik ynsette kinst op skoalle by it oanlearen fan feardichheden en kennisoerdracht. “Poëzy is in moaie jas dy’t altyd past, en kinst leare om dy jas sels oan te dwaan.” Fan hjoed ôf kinne alle basisskoallen yn Fryslân fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergeze workshop fan de Dichter fan Fryslân boeke foar it skoaljier ’22 – ’23.De Dichter fan Fryslân biedt twa ferskillende lesprogramma’s oer poëzy foar basisskoallen oan. De lesprogramma’s besteane út in optreden en les yn ien. De Dichter fan Fryslân bringt learlingen en leararen op in tagonklike wize mei poëzy yn de kunde en lit sjen wat it effekt fan poëzy wêze kin. It boeken fan in fergeze workshop kin fia: www.dichterfanfryslan.nl/skoaloptreden/. Wês der gau by, want der is in beheind tal fergeze workshops beskikber.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.