Dit is de Afûk Boeketip 10 foar febrewaris

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP 10 en net de boekeTOP 10. Ek foar de moanne febrewaris ha wy wer mei in moaie seleksje makke!Sjoch yn ús websjop hokker titels dizze moanne yn ús boeketip 10 steane en kom – as it wer kin – ek ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Yn de Afûkwinkel (en websjop) fynst altyd it grutste én moaiste assortimint boeken yn en oer it Frysk en Fryslân foar alle leeftiden.