Doch mei oan SjONG junior!

Taal- en keunstorganisaasjes yn Fryslân slane de hannen yn ien en sette fan 8 febrewaris ôf in kant en kleare Fryske muzykles foar
basisskoallen klear. Wêrom? Om’t nei alle lockdowns it groepsproses oandacht nedich hat op skoalle. Boppedat hawwe sjongen, muzyk meitsjen en meartalichheid positive kognitive effekten. De muzykles wurdt fergees oanbean troch SjONG junior, it Fryske sjongfestival foar basiskoallen. 

De muzykles kin los dien wurde, mar troch it resultaat fan de les yn te stjoeren kinne skoallen har tagelyk ek pleatse foar de grutte finale fan SjONG junior yn De Lawei yn Drachten. De 8 skoallen dy’t har pleatse meitsje ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oare profesjonele muzikanten in eigen liet. Dat proses wurdt registrearre troch Omrop Fryslân Tsjil en is te sjen yn de searje dy’t fan april ôf te sjen is. De muzykles is no online te folgjen fia www.sjong.frl en ynstjoere foar SjONG junior kin oant en mei 11 maart.

Yn ús lân, en dus ek yn Fryslân, wurdt in soad songen. Yn ferskate foarmen, mar ek yn ferskate talen. Hoewol it fanselssprekkend liket, is it net fanselssprekkend dat bern op de basisskoalle sjongen leare of yn de frije tiid yn in band of in koar. Al hielendal net as it giet om de eigen taal, it Frysk. SjONG junior springt dêr op yn mei dizze kant en kleare muzykles én it sjongfestival foar basisskoallen. De
fakken muzyk en Frysk kinne sa yntegrearre wurde op skoalle.

SjONG en SjONG junior
SjONG junior hjitte earder Sjongfestival en wie it sjongfestival foar Fryske basisskoallen. Dat is it noch hieltyd, mar it is útwreide mei in muzykles, professionele help fan muzikanten en programma’s. It hjit no SjONG junior. SjONG, de sjong contest foar fuortset ûnderwiis, en Sjongfestival slane dus ek de hannen yn ien. Dit jier fynt SjONG junior plak, takom jier SjONG. SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. It wurdt útfierd ûnder de paraplu fan Taalplan Frysk en Méér Muziek in de Klas. Mear ynformaasje is te finen op www.sjong.frl.