Feestlik oanbieden Tomke-feestkofferke set jubileumaktiviteiten yn gong

Troch it iepenjen fan it spesjale Tomke-feestkofferke is fan ’e moarn op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea op feestlike wize it startsein jûn foar de jubileumaktiviteiten om it 25-jierrich bestean fan it Fryske pjutte-freontsje Tomke hinne. It Tomke-feestkofferke is in kadootsje fan Tomke foar alle pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken yn Fryslân. Mei de ferskillende boekjes en materialen út it kofferke kinne de liedsters mei de bern in feestje fiere én oan de slach mei it tema ‘tiid’.

Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fleurige jonkje belibbet mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren dêr’t alle pjutten gek op binne. Underwilens binne der al heiten en memmen dy’t eartiids sels de Tomke-ferhaaltsjes foarlêzen krigen en no de boekjes oan harren eigen bern foarlêze. It bekende giele boekje dêr’t it 25 jier lyn allegear mei begûn, wurdt noch alle jierren makke en tradisjoneel útdield yn de jierlikse Fryske Foarlêswike oan sa’n 12.500 Fryske pjutten.

Yn de rin fan de jierren is it Tomke-projekt hieltyd fierder útwreide. ‘Dat giet fan rigeboekjes en filmkes op telefyzje oant hânpoppen en fan metoades foar it foarskoalsk ûnderwiis oant bôletrompkes en apps’, laket Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk fan de Afûk: ‘Tomke is hiel divers en leechdrompelich en biedt in breed en oantreklik oanbod foar sawol heiten en memmen en pakes en beppes as foar profesjonele opfieders om mei pjutten talich dwaande te wêzen.’

Feestlike aktiviteiten en produkten
Om it 25-jierrich jubileum fan Tomke hinne binne foar dit jier ferskillende nije materialen en aktiviteiten ûntwikkele.

Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’
Fansels mei in boekje net ûntbrekke. Spesjaal foar it jubileum is keazen foar in harmoanikaboekje (leporello) wêryn’t Tomke de nachtsjes telt oant syn jierdei. It boekje is ûnderdiel fan it Tomke-feestkofferke foar pjutteboartersplakken, mar is fan 25 maaie ôf ek te keap yn de boekhannel.

Tomke feestkofferke foar pjutteboartersplakken en berne-opfang
Foar alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân hat Tomke in superfeestlike traktaasje: it Tomke-feestkofferke fol leuke kadootsjes! Yn it kofferke fynst bygelyks Tomke-feestflachjes, it nije Tomke-jubileumboekje, in lesbrief oer it tema feest en in dobbelspultsje foar jarige Jobs en Jetten. Pjutteboartersplakken en berne-opfangsintra hawwe in brief mei in bon tastjoerd krigen wêrmei’t se fergees in kofferke ophelje of oanfreegje kinne.

Feestlike Tomke toer
Dûnsjen, sjongen, moaie ferhalen en in draaioargel! Tomke ‘toert’ yn juny mei ferskate wurkwinkels by pjutteboartersplakken, berne-opfangsintra en biblioteken del. De ferskillende wurkwinkels wurde fersoarge troch Janneke Brakels (sjongeres), Willy van Assen (Danswil), Riemkje Hoogland (skriuwster), Hinke Schwering (Muziekbeestje) en Luuk Klazenga (yllustrator). Sjoch foar in oersjoch fan de wurkwinkels op www.tomke.frl.

Nije Tomke ferskes
By in feestje heart muzyk! Der binne mar leafst seis nije ferskes fan Tomke om mei te sjongen en op te dûnsjen. De ferskes binne skreaun en op muzyk setten troch Geartsje Douma, Janneke Brakels en Sytse Broersma.

Tomke yn de biblioteek
Tomke is sljocht op ferhalen en yn de biblioteek fynt hy de moaiste boeken. Dêrom hat er dêr dit jier in ekstra moai plakje krigen! Boppedat komt Tomke de hiele moanne juny by de biblioteken del mei ferskate wurkwinkels en oare aktiviteiten.

Tomke skriuwwedstriid
Foar de kommende jierren siket Tomke ien of mear skriuwers om de skriuwgroep oan te foljen. Yn maart dit jier is der in oprop dien: “Wa wurdt de nije skriuwer fan Tomke?” Dat resultearre yn mear as 50 dielnimmers dy’t mei-inoar mear as 60 ferhaaltsjes ynstjoerden. In sjuery besteande út û.o. de tsjintwurdige skriuwsters fan Tomke, Riemkje Pitstra en Geartsje Douma, sil ynkoarten bekend meitsje wa’t de nije Tomke-skriuwer(s) wurde sil(le).

Tomke op telefyzje: nije ferhaaltsjes én ‘út de âlde doaze’
Fan 1 juny ôf sille der wer nije Tomke-aventoeren te sjen wêze op Omrop Fryslân TV. Alle dagen fuort nei Tsjil om 09.00 oere moarns. En foar it echte jeugdsentimint: fan 21 oant en mei 26 juny binne alle dagen om 18.50 oere de alderearste tekene Tomke-útstjoeringen op telefyzje te besjen!

It jierdeifeestje fan Tomke
As it kin fanwegen it koroanafirus hâldt Tomke op 18 septimber syn jierdeifeestje by de Muzykpleats yn Bûtenpost! Kompleet mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. De kaartsjeferkeap set ein july útein.

Fryske Foarlêswike
Yn de Fryske Foarlêswike geane alle jierren hûnderten foarlêzers op besite by pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en gastâlders om dêr foar te lêzen. Spesjaal foar de Fryske Foarlêswike wurdt alle jierren in nij Tomke-temaboekje makke, dat alle pjutten nei it foarlêzen fergees mei nei hûs krije. De Fryske Foarlêswike wurdt dit jier organisearre fan 27 septimber oant en mei 1 oktober, mei as tema ‘tiid’. Sa is it nei de simmer fuortendaliks alwer feest mei Tomke!

Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke en de jubileumaktiviteiten op www.tomke.frl.

Oer it Tomke-projekt
Tomke is it foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt.

Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS (út namme fan de biblioteken yn Fryslân). It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Cedin en Omrop Fryslân soargje foar promoasje en fersterking. Dêrneist organisearret it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse alle jierren de Fryske Foarlêswike.

It Tomke-projekt wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.