Fergees e-book foar bern oer it coronafirus

‘Coronafirus, in boek foar bern’ is in fergees Frysktalich e-book oer it coronafirus, spesjaal makke foar bern en harren famyljes. Medyske eksperts, bernepsychologen en ûnderwizers hawwe mei-inoar soarge foar in ienfâldige útlis oer it coronafirus foar bern yn de leeftiid fan 5 oant 10 jier.

Troch yllustraasjes en situaasjesketsen leare bern wat it coronafirus is, wat der mei dy bart ast it firus oprinst, oft der al in medisyn is, wêrom de measte aktiviteiten no net trochgean kinne en hoe’t bern sels helpe kinne. In moaie tool om bern útlis te jaan oer it coronafirus.

It coronafirus e-book is in útjefte fan de NosyCrow út Londen en troch de Afûk beskikber steld yn it Frysk. Te krijen fia de Afûk websjop.