Fan 5 o/m 30 septimber 2022 binne it de Lês-mar-foar-wiken!

Fan 5 o/m 30 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Dit jier is it tema ‘thús’. Wolst meidwaan of witte wat der noch mear te belibjen is yn de Lês-mar-foar-wiken? Lês dan gau hjirûnder fierder!In nij  Tomke-temaboekje: Thús by Tomke!
It nije Tomke-boekje hjit: ‘Thús by Tomke!’. Berber Spliethoff, Geartsje Douma, Reina&GRE$tJE , Riemkje Pitstra, Antsje de Vries en Mirjam van Houten ha prachtige nije ferhaaltsjes skreaun en Luuk Klazenga, Mirjam van Houten en Aukje Visser ha dêr moaie yllustraasjes by makke. De ferhaaltsjes geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: oer ferhúzje, in pyamadei en plakhúskes. En yn watfoar hûs wennet in reus of in kabouter? Fansels steane der ek wer nije ferskes en opsisferskes yn it boekje en yn ’e midden sit in moaie fertelplaat oer Tomke syn hûs. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der wer in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs.

Meidwaan oan de lês-mar-foar-wiken
Alle pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra krije yn july in foarlêspakketsje mei mear ynformaasje en tips foar it freegjen fan foarlêzers. Ein augustus krije alle lokaasjes automatysk boekjes besoarge, foar it tal pjutten dat dêr ynskreaun stiet. Bisto gastâlder en wolsto ek meidwaan? Mail dan dyn adres en it tal pjutten dêr’tsto it boekje oan útdiele wolst foar 1 july oan ynfo@tomke.frl. Dan krijsto yn july ek in foarlêspakketsje om dy ta te rieden!

Feest yn de byb: dûnsje, sjonge en muzyk meitsje mei Tomke
Om de Lês-mar-foar-wiken hinne is it ek feest yn de biblioteek. Sa kinst dêr feest fiere mei de muzikale foarstelling ‘It is feest!’ fan Janneke Brakels, of mei Tomke en Yana Yu op bearejacht yn de foarstelling fan De Vertellende Piano. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. Ynformaasje oer plak en tiid fan de foarstellingen is te finen by jim biblioteek. Hast it nije Tomke-temaboekje noch net? Yn de Lês-mar-foar-wiken kinst it boekje ek fergees krije yn de biblioteken!

Fergees boekje fan Keimpe de Krokodil
Yn Spoar 8, de metoade Frysk foar it basisûnderwiis, helpt Keimpe de Krokodil bern fan 4-8 jier mei harren Fryske wurdskat en it Frysk lêzen. Ek wol Keimpe graach, krekt as Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Sa leare sy it Frysk nóch better! Njonken it fergese Tomke-temaboekje is der dêrom ek dit jier wer in fergees Keimpeboekje. It tredde Keimpeboekje hat as titel ‘Nei bûten!’ en is yn de Lês-mar-foar-wiken foar bern fan 4-8 jier fergees op te heljen by de biblioteek! Wolst mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op keimpe.frl. Dêr fynst trouwens ek superleuke ynteraktive sykplaten! Kinne jim alles fine?

Nije útstjoeringen fan Tomke op TV
Fan 5 septimber ôf binne der wer hagelnije Tomke-útstjoeringen op ’e telefyzje. Dy binne te sjen yn it programma ‘Tsjil’, alle dagen fan 6.00-9.00 oere moarns by Omrop Fryslân. De ôfleveringen binne ek te finen op Tsjil.omropfryslan.nl.  Nij dit jier: op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it boekje te hearren!

De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep (Fers, Cedin, SFBO, Omrop Fryslân en Afûk). Mear ynfo op www.tomke.frl.