#FryskSichtber: meitsje it Frysk sichtber op Ynternasjonale Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dizze dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hawwe wy in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En do kinst fansels meidwaan.

Hasto in moaie Fryske tekst op dyn auto of buske? Of advertearresto yn it Frysk? Lit it ús witte! Ferkeapest guod oan de dyk? Brûk it Frysk! Hast in bedriuw? Betink wêr en hoe’tst it Frysk sichtber meitsje kinst en lit ús it resultaat sjen. Om koart te gean: meitsje sels it Frysk safolle mooglik sichtber yn de iepenbiere romte en stjoer ús dyn foto. Dan diele wy dyn foto graach mei de rêst fan ‘e wrâld om mei ús allen it #Frysk sichtber te meitsjen!

Dêrneist wolle wy ek graach safolle mooglik foto’s hawwe fan Frysk dat al sichtber is. Tink dêrby oan buordsjes yn de tún, nammen op gevels, wurden op in muorre, teksten op buskes, reklamebuorden, strjitnammen en gean sa mar troch. Alles is wolkom!

Fan 21 o/m mei 28 febrewaris diele wy de ynstjoeringen op ús sociale mediakanalen. Sa meitsje wy it Frysk ek online mear sichtber. Dyn eigen foto’s direkt mei ús diele kin fansels ek. Brûk dan de #FryskSichtber. Under de moaiste ynstjoeringen ferlotsje wy in PraatmarFrysk-pakket.

Sjoer dyn foto’s nei: Fryskopedyk@gmail.com, jou dêrby dyn namme en lokaasje fan de foto troch en wy diele alle foto’s mei de rest fan ‘e wrâld! #FryskSichtber Wy sjogge út nei dyn bydragen!