Marije op besite by de Berneboeke-ambassadeur

Op 30 oktober 2020 wie Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra op besite op de Master Frankeskoalle yn Earnewâld om te fertellen en foar te lêzen. Marije (8) út groep 4 hold al fan lêzen, ferhaaltsjes betinken en skriuwen, mar doe’t se allegear nije ynspiraasje krige troch de BBA wie se der wis fan: sy wol letter ek skriuwer én BBA wurde. Mar hoe wurde jo dat? Wêr moatte jo begjinne as skriuwer? It liet har net mear los.

Dêrom mailde Marije har mem mei de BBA. En sa kaam Marije op 9 jannewaris by de BBA thús. Se hie in map mei eigen skriuw- en tekenwurk mei en in listke fragen.

Lida Dykstra liet har sjen hoe’t har boeken der as manuskript útsjogge, joech in soad tips, en tegearre betochten se in ferfolch op ien fan Marije har eigen ferhalen. Oan ‘e ein woe Marije ek noch bêst efkes de amtskeatling fan de BBA ompasse en dat stie har goed!