Mindert Wijnstra (1945-2020)

Nei in lang siikbêd is skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra op 74 jierige leeftyd ferstoarn. Noch mar koart lyn joech hy sels yn petearen mei de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân al oan dat er fielde dat syn krachten oan it ôfnimmen wienen. By Mindert tinke wy by de útjouwerij fan de Afûk yn it foarste plak oan in enerzjike, fleurige man dy’t minsken werklik meinimme koe mei syn waarme stim en syn prachtige ferhalen. Oft hy no foar in seal fol minsken stean gie of in klasse mei skoalbern, of by ús op kantoar kaam mei in nij manuskript, lústerje dienen wy altyd. Allegear.Dat betsjoenen fan minsken fûn hy moai. Ferhalen fertelle ferbynt minsken, it gie him dan ek om mear as inkeld fermeits biede, hy woe wat losmeitsje by minsken en harren wat meijaan. Hy begûn syn karriêre net om ’e nocht yn it jeugd- en foarmingswurk en wie desennialang haad fan de skoalle yn Warns.

De (folks)ferhalen dy’t Mindert Wijnstra masterlik en sa meinimmend fertelle koe, waarden sammele yn meardere boeken, wêrfan’t de wichtichste binne: It kweade wiif fan Hylpen (1997), It lân achter de heuvel (2006) en De seefrou (2014). Dat lêste boek skreau hy as kadoboek, yn opdracht fan Tresoar.

As berneboekeskriuwer debutearre Mindert yn 1982 mei Kninekeutels yn it oerwâld, mar echt grutte bekendheid krige hy yn 1991 mei it boek It hûs fol ferhalen, oarspronklik ferskynd as aksjeboek foar bern yn opdracht fan Stichting It Fryske Boek. Neist It kweade wiif fan Hylpen soe It hûs fol ferhalen syn grutste sukses wurde. De ferhalen fan Mindert en de tekeningen fan syn dochter Babs (sy makke by hast al syn boeken prachtige yllustraasjes) waarden beleanne mei de Simke Kloostermanpriis, it boek waard nominearre foar de Premio Europeo di Letteratura Giovanile, ferskynde op de earelist fan IBBY (International Board on Books for Young People) en waard oerset yn it Japansk en it Koreaansk.

Yn de desennia dy’t folgen wurke Mindert mei oan searjes foar de jongste lêzers (Studio F en de Sweltsjerige), makke er Fryske oersettingen, ûnder oaren fan Het muizenhuis fan Karina Schaapman, ferfryske er Mijn Eerste Van Dale, wurke er mei oan tal fan edukative projekten en skreau er yn 2018 sels in twatalich jeugdboek, tegearre mei Dolf Verroen.

In wichtich tema yn it rike oeuvre fan Mindert is ‘freonskip’. Wy sille ús him dêrom nei alle gedachten it meast herinnerje fanwegen syn jeugdboeken De stilte fan Joachem (2007) en Jesse (2020). Beide jeugdromans binne hichtepunten yn de Fryske jeugdliteratuer. Se geane oer bern dy’t, om hokker reden dan ek, eefkes net witte hokker kant se út moatte. Se binne fêstrûn, en Mindert lit yn beide boeken, mei de help fan syn moaie pinne en syn grutte psychologyske ynlibbingsfermogen, sjen dat elk yn syn libben paadwizers nedich hat, freonskippen, dy’t wer wat stjoer jaan kinne yn it libben. In libben dat it altyd wurdich is om it maksimale út te heljen. Sels neamde hy koartlyn Jesse, dat hy dit jier op syn siikbêd sels ôfmakke hat, syn bêste boek.

As ferhaleferteller en as skriuwer fan de prachtichste jeugdboeken hat Mindert Wijnstra foar ús ek in paadwizer west. Wy binne tankber foar al it prachtige wurk dat hy neilitten hat en sille ús bêst dwaan om syn neilittenskip oer te dragen oan nije generaasjes.

Ernst, Hermien en Ida
Utjouwerij Afûk