Nei skoalle mei Tomke

Tomke giet wer nei skoalle en dat is best spannend! By it tema ‘Nei skoalle’ binne leuke boekjes, kleurplaten, rymkes, ferskes en praatplaten. Super leuk foar thús, op it pjutteboartersplak of yn de berne-opfang. Fynst se bygelyks op de webside fan Tomke, yn de Tomketeek of op de Pinterestside fan Tomke.

Op skoalle docht Tomke fan alles: boartsje, yn ‘e rûnte, plakke… Ynienen sjocht juf wat sitten yn ‘e sânbak, wat soe dat wêze…? Lês it boekje ‘Tomke nei skoalle’ hjir of bestel it yn de websjop. Kleurplaten fynst hjir en foar ferskes folgest dizze link. Mear witte oer de Tomketeek? Gean dan nei tomke.frl.

Bisto ‘fan’ fan Tomke?
Om neat fan Tomke te missen folgest him fia de ferskate socials en abonnearrest dy op de nijsbrief!

Oer it Tomkeprojekt
It Tomkeprojekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk: bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne makliker in oare taal leare. Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk mei ferhalen, ferskes en spultsjes foar pjutten en ynformaasje foar grutten.