Nij by de Afûk: 'Ik bliuw by dy' en 'It Bijeboek'

By útjouwerij Afûk binne okkerdeis wer twa prachtige nije berneboeken ferskynd. ‘Ik bliuw by dy’ is in leaf boek oer freonskip bedoeld foar bern fan 0-4 jier mar ek super leuk as kadootsje foar Falentyn. Mei ‘It Bijeboek’ (8-12 jier) dûke bern yn de wûndere wrâld fan de bij. Wêrom binne se sa belangryk foar ús?

… wêr’tsto ek hinne giest, ik bin derby. Watsto ek dochst, ik bliuw by dy …

It is hiel fijn om goeie freonen te hawwen om alles mei te dielen. Mar soms, hiel soms, kin it wolris wat… euh… te bot wêze. ‘Ik bliuw by dy’ is in bearegoed, bearegrappich én beareleaf boek oer alles wat freonskip betsjutte kin, foar alle freonen op ‘e wrâld.

€ 14,99

Bestel hjir.

 

Wêrom al dy drokte oer bijen? Wat dogge se de hiele dei? Wêrom binne bijen belangryk? Untdek mei dit boek wêrom’t bijen ús help nedich hawwe en watsto dwaan kinst.

€ 15,00

Bestel hjir.