Nij ferskynd by de Afûk: Silke & Miss Dee

Silke & Miss Dee is in prachtich nij lêsboek fan skriuwster Baukje Wytsma (Reduzum) en yllustratrise Carla van der Heijde (Ljouwert). Utjouwer Ernst Bruinsma oer dizze nije útjefte: ‘It is fantastysk om te sjen hoe’t Baukje Wytsma nei jierren wer mei in berneboek komt dat oer in fertroud tema giet, freonskip en fertrouwen, mar tagelyk hielendal fan dizze tiid is omdat it trijetalich skreaun is. In berneboek dat alles yn him hat om in klassiker te wurden.’

De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje  bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no?

As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan ‘e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy’t har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal!

Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse. Miss Dee leart Silke om sterk yn it libben te stean: to be strong! As Miss Dee no oan de ein fan har libben mar net wer ferhuzet nei Ingelân…

It boekje is trijtalich: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk.

Boekgegevens
Silke & Miss Dee
Auteur: Baukje Wytsma
Yllustraasjes: Carla van der Heijde
Ferkeappriis: € 14,95
Tal siden: 103
ISBN: 9789493159235
Utfiering: hurd kaft
Leeftyd: 10+
Afûk, Ljouwert 2020
www.websjop.afuk.frl