Nij! Keimpe en Tomke - Wolkom by ús op skoalle!

De oergong fan pjutteboartersplak nei basisskoalle is in grutte en spannende stap foar fjouwerjierrigen. Dêrom ûntwikkele it team ûnderwiis fan de Afûk in saneamd ‘oergongsboekje’: Keimpe & Tomke – Wolkom by ús op skoalle! It kin troch basisskoallen as kadootsje meijûn wurde oan bern dy’t foar it earst op skoalle komme. It boekje is in produkt fan Taalplan Frysk en hat as doel te soargjen foar in ferbining tusken it it Frysk yn de foarskoalske perioade (Tomke) en it Frysk yn it primêr ûnderwiis (Keimpe de Krokodil). It boekje is fan dit skoallejier ôf beskikber foar alle basisskoallen yn Fryslân.Yn it boekje is in moai ferhaaltsje te lêzen oer Tomke dy’t in dei ‘wenne’ mei op skoalle en dêr wolkom hjitten wurdt troch de bern dy’t ek in rol spylje yn de ferhaaltsjes fan Keimpe de Krokodil. Neist in ferhaaltsje binne der spultsjes en in sjochplaat yn it boekje opnommen en wurdt ynformaasje jûn oer de meartalige ûntwikkeling fan bern. Ek kinne âlders op de ‘útskuorkaart’ wat opskriuwe oer harren bern foar de nije juf/master. Foar yn it boekje is romte foar in koart wolkomstwurdsje of foto fan de skoalle.

Ienfâldich en foardielich bestelle fia de Taalplan-webshop
Bestelle dochst hiel maklik fia de Taalplan-webshop. Gewoanwei kostet it boekje € 7,50 mar mei de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ fan de Provinsje Fryslân kin 80% fan de oankeappriis as subsydzje werom krigen wurde. Dat betsjut dat it boekje de skoalle net mear as €1,50 per stik kostet >>> bestelle