Nij printeboek fan Mirjam van Houten

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe … By beppe útfanhûs is in prachtich nij printeboek, skreaun én yllustrearre troch Mirjam van Houten. Noflik yn har eigen tún krige de skriuwster hjoed it earste eksimplaar útrikt troch de meiwurkers fan útjouwerij Afûk.

By beppe útfanhûs is geskikt foar bern fan 4 jier en âlder en fan hjoed ôf foar € 14,95 te keap yn de boekhannel.

Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit. Lês hjir mear oer libben en wurk fan Mirjam van Houten.