Nij! Timen op 'e tegels

Fan it fermaaklike printeboek ‘Timen op ‘e tegels‘ fan Tjibbe Veldkamp is by útjouwerij Afûk in twadde printinge fan de Fryske edysje ferskynd. Yn 2008 ferskynde de earste printinge fan it ûnderwilens klassike ‘Tim op de tegels’ (2004) yn in Fryske oersetting makke troch Gerda van der Wijk. It boek waard bekroane mei de Kinderboekwinkelprijs.

‘Der is noch hieltyd fraach nei it boek en wy koene mei UnieboekSpectrum meidwaan mei in werprintinge’, sa seit Hermien van der Meer fan de Afûk. De oanlieding foar in werprint troch útjouwerij UnieboekSpectrum hat te krijen mei it feit dat Tjibbe Veldkamp it ‘Prentenboek van het jaar 2022’ skreaun hat: Maar eerst ving ik een monster. ‘Nee, wy dogge gjin oersetting fan it monster’, laket Hermien van der Meer op de fraach oft der fan it ‘Prentenboek van het jaar 2022’ ek in Fryske oersetting komt: ‘Monsters rinne meastal net sa hjir …’. Ek fan oare populêre titels fan Veldkamp sille by UnieboekSpectrum werprintingen ferskine. Mooglik dat dêrtroch fan de Fryske edysje ‘Kom út dy kraan!’ ek noch in twadde druk komt mar dat is noch net wis.

De printeboeken fan Tjibbe Veldkamp binne orzjineel, humoristysk, ûndogensk, stoer, spannend en ek werkenber foar bern.

Yn it Frysk ferskynden earder:
Kom út dy kraan!! | Kom uit die kraan! (Afûk, 2016)
Timen op `e tegels | Tim op de tegels (Afuk, 2008)
It skoallereiske | Het Schoolreisje (Afûk, 2000)
22 wezen en in oaljefant | 22 Wezen (Afûk, 1998)

Timen op ’e Tegels
‘Giest mei nei bûten ta, heit?’ frege Timen. Heit skoddet fan nee. ‘Mar hiest it beloofd!’ sei Timen. ‘Ik ha ’t net oan tiid,’ sei heit. ‘Wol op ’e stoeptegels bliuwe, hear.’ ‘Wêrom?’ frege Timen. ‘Omdat it gefaarlik is om fan ’e tegels ôf te gean,’ sei heit.

Sa as beloofd bliuwt Timen op de stoeptegels. Ek al wurde de tegels optild troch straters, in frachtweinsjauffeur, havenarbeiders en sels in hyskraan …

Fan no ôf foar € 14,99 te keap by de boekhannel. Of bestel fuortendaliks yn ús websjop.