Nije berneboeken ferskynd by de Afûk

Mar leafst trije nije berneboeken binne de ôfrûne wiken by útjouwerij Afûk ferskynd. Om sels te lêzen of om lekker foar te lêzen! Foar pjutten is der it moaie printeboek ‘Tútsje derop!’ mei échte pleisters. Foar bern fan 8 jier ôf hawwe wy in werprintinge fan de klassiker ‘Dingeman krijt wjukken’ en foar justjes âldere bern in gloednij boek fan Mindert Wijnstra.

Tútsje derop!
Auteur: Bernd Penners

It hûntsje, it skiep, de aap, de bear en de oaljefant ha allegear in ûngelokje hân. De iene hat in sear poatsje, de oare stapt op syn eigen slurf.
Wat no? Helpsto om der in pleister op te plakken? Mar it measte helpt fansels: in tútsje derop!

Stevich printeboek fan 2 jier ôf, mei 5 ‘echte’ pleisters. De pleisters kinne troch de lytse lêzers op it bypassende bist “plakt”wurde (of krekt net).

Boekgegevens
Tútsje derop!
Auteur: Bernd Penners
Ferkeappriis: € 12,50
Utfiering: karton
Siden: 14
ISBN: 9789493159211
Leeftyd: 2+
Keapje dizze titel fia ús websjop

 

Jesse
Auteur: Mindert Wijnstra

Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ‘e seedyk.

Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.

Boekgegevens
Jesse
Auteur: Mindert Wijnstra
Ferkeappriis: € 14,99
Utfiering: hurd kaft
Siden: 117
ISBN: 9789493159396
Leeftyd: 10+
Keapje dizze titel fia ús websjop

 

Dingeman krijt wjukken
Auteur: Eppie Dam

De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…

Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis.

De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst.

‘Wat hearlik, dizze klassiker!’ – weblog ‘tante Tjits’

Boekgegevens
Dingeman krijt wjukken
Auteur: Eppie Dam
Ferkeappriis: € 15,00
Utfiering: hurd kaft
Siden: 199
ISBN: 9789062735624
Leeftyd: 8+
Keapje dizze titel fia ús websjop