No ek omtinken foar berneboeken op Sirkwy

Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan berneboeken. De nominearren fan de Simke Kloostermanpriis 2019 binne as earste oan bar. De boeken fan 2016 steane der al yn, lykas Lytse Protter fan Baukje Wytsma en Siem en Sanne sjogge Sint Piter fan Hendrika Vis-de Ruiter. Ek It deiboek fan Janny van der Molen út 2019 stiet al beskreaun. It is ‘wurk yn útfiering’, dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber. By de boekprofilen is koart wat ynformaasje oer de ynhâld, mei -as dy der binne- besprekken of oare stikken. Dêrneist wurdt in link lein nei de biografy fan de skriuwer. Sa hopet Tresoar it omtinken foar de berne- en jeugdboeken te fergrutsjen. It past dan ek yn it belied om Sirkwy út te wreidzjen mei mear sjenres, om sa de Fryske literatuer yn syn hiele hear en fear sjen te litten.

Sjoch sirkwy.frl. De neamde titels binne ek te keap yn de boekhannel en de websjop fan de Afûk: Lytse Protter, Siem en Sanne sjogge Sint Piter en It deiboek.