'Sipke fynt in ljipaai' foar basisskoallen Dantumadiel en Noardeastfryslân

De maitiid is begûn; dat rûkst, de sinne skynt, de beammen binne grien, de blommen bloeie en de fûgels fluitsje. De ljippen binne werom yn Fryslân. Krekt as ferline jier. Krekt as is der neat oan de hân en is der gjin koroanafirus. Sûnt koart kinne de bern wer nei skoalle, mar kinne de normale aktiviteiten noch net oppakt wurde. Sa geane de bern noch net mei in Klyster-gids it fjild yn. Dêrom krije alle basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast Fryslân it prachtige printeboek: Sipke fynt in ljipaai, fan de Klyster, IVN en Provinsje Fryslân.Omdat boargemaster Johannes Kramer net op skoalle komme mei, hat hy in filmke makke om it boekje te oerlangjen oan basisskoalle CBS de Welle yn Burdaard. Hy fertelt oer de ljip en oer de skutkleur fan de aaien. Lit foto’s sjen fan de oare greidefûgels yn it lân; de strânljip (scholekster), skries (grutto) en tsjirk (tureluur). En hy lêst foar út it boekje dat skreaun is troch Lida Dijkstra. It Gouden Boekje giet oer in lytse pipermûs, dy’t tegearre mei syn pake it lân yn giet om te aaisykjen. Se banjerje troch de Fryske fjilden, mei in âlde pet op ‘e holle en in fierrekiker yn’e hân. Pake goait Sipke oer de sleat en hoe’t it dêrnei ôfrint?

Juf Bonnie Valk hat it boekje dêrnei hielendal foarlêzen yn groep 3 en is mei de bern nei bûten set om krekt as Sipke in ljipaai te sykjen op it skoalplein. En mei de fuotten te trêdzjen om wjirms te sykjen. Sa koene de bern dochs wer in bytsje natuer belibje, tichteby skoalle.
De Klyster en IVN hoopje dat de bern takomme maitiid wer it fjild yn kinne om de echte greidefûgels te hearen en te sjen.

Sipke fynt in ljipaai / Sipke vindt een kievitsei is it tredde dieltsje yn de súksesfolle Gouden Boekjes-rige oer Sipke Pipermûs. De boekjes binne twatalich en op rym. Ek te keap yn de boekhannel of yn ús websjop. Besjoch hjirûnder it filmke mei boargemaster Kramer.