'Sipke vindt een kievitsei/Sipke fynt in ljipaai’ opnommen yn seleksje White Ravens 2021

‘Sipke vindt een kievitsei/Sipke fynt in ljipaai’ fan Lida Dykstra is opnommen yn de seleksje fan de White Ravens 2021 en dêrmei ek foar de katalogus dy’t dêrby heart. In prachtige opstekker foar de auteur dy’t okkerdeis noch foar in jier ekstra beneamd is ta Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. De White Ravens binne oanbefellings fan bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. De list is bedoeld om boeken fan hege kwaliteit foar bern en jongerein ûnder de oandacht te bringen en te promoatsjen.

Yn de katalogus fan dit jier binne 200 titels opnommen yn 38 talen út mar leafst 54 lannen. Yn totaal ha njoggen Nederlânsktalige boeken en ien Frysktalich boek in White Raven krige. De katalogus is in handich helpmiddel foar elk dy’t mear witte wol oer de hichtepunten en trends yn de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer en dêrby oer de nasjonale taalgrinzen hinne sjen wol.

Mear ynformaasje fynst op de website fan Internationale Jugendbibliothek.