Boek in (online) aktiviteit fan in skriuwer of yllustrator foar dyn skoalle, boekhannel of bibleteek

Lêzen sit yn ‘e lift, mar skriuwers ha tidens de lockdown grutte muoite om harren lêzers te moetsjen fia de fysike boekhannels, bibleteken of skoallen. Dêrom komt it Nederlands Letterenfonds yn gearwurking mei De Schrijverscentrale en de Koninklijke Boekverkopersbond mei in nije steunmaatregel om optredens fan skriuwers en yllustrators te stimulearjen. Sa wurde fan ‘t maitiid in grut tal (online) publyksaktiviteiten mooglik makke.Boekhannels, bibleteken en skoallen yn hiel Nederlân kinne fia De Schrijverscentrale in optreden fan in skriuwer boeke, wêrby’t it Letterenfonds it honorarium foar de skriuwers subsidiearret oant € 500,00. Boppedat krijt de boekhannel fia de Boekverkopersbond in bydrage fan maksimaal € 500,00 foar de (ekstra) organisaasjekosten. Sa wurdt de drompel ferlege foar it organisearjen fan (online) optredens en publyksaktiviteiten fan skriuwers dy’t – ôfhinklik fan de op dat stuit jildende maatregels – online, hybride of lytsskalich binne en plakfine tusken 1 maart en 1 july 2021.

Alle publykspresintaasjes dy’tst mar betinke kinst, komme yn oanmerking. Van ynterviews mei in skriuwer, online lêsklups en sinjeersessy’s yn de etalaazje oant live optredens sadree’t dat wer mooglik is. Skriuwers en yllustrators yn allerhanne literêre sjenres kinne boekt wurde: fan berne- en jeugdliteratuer oant non-fiksje, poëzij en spoken word.

Fryske skriuwers dy’t te boeken binne by De Schrijverscentrale binne Erik Betten, Caja Cazemier, Lida Dijkstra, Linda de Haan, Tialda Hoogeveen, Hanneke de Jong, Elmar Kuiper, Janny van der Molen, Stern Nijland en Kate Schlingemann.

Gebrûk meitsje fan dizze aksje? Sjoch foar mear ynformaasje, de betingsten en it oanfreegjen op www.deschrijverscentrale.nl.