Trije nije berneboeken fan Fryske boaiem ferskynd by útjouwerij Afûk

Sawat tagelyk ferskynden dizze moanne by útjouwerij Afûk mar leafst trije nije berneboeken fan Fryske skriuwers en yllustratoaren: ‘De Bjusterbaarlik Baron’ fan Jurjen Faber mei yllustraasjes fan Paul van Dijk, ‘Jelle en Juf’ skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten én ‘Abe en de Aardichman’ fan Tialda Hoogeveen mei yllustraasjes fan Yke Reeder. Prachtich oarspronklik wurk foar bern yn de leeftyd fan 4 oant 10 jier. Om foar te lêzen of sels te lêzen.De Bjusterbaarlike Baron
Jurjen Faber en Paul van Dijk

Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy’t skippen opite en útsûnderlike hynders.  It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen.

Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier.

Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy’t net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten.

Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen Faber makke er de teäterfoarstelling ‘de Bjusterbaarlike Baron’. Doe’t er in jonkje fan njoggen wie hat er fan ’e biblioteek fan Warkum in skoft hieltyd itselde boek liend. Dat boek hjitte: ‘De wonderbaarlijke avonturen van de Baron von Münchhausen.’

Jelle en Juf
Mirjam van Houten

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei …

Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern fan 4-8 jier.

Mirjam van Houten (1977) wennet op de Himrik en hat in grutte tún mei in prachtige beamhutte. Sy kin net allinne moai skriuwe, mar ek nochris prachtich tekenje. Har earste boek Tije ferskynde yn 2016 en is oersetten yn it Faëroers. It boek waard fuortendaliks nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.  Yn 2021 ferskynde it prachtige printeboek By beppe útfanhûs.

Abe en de Aardichman
Tialda Hoogeveen en Yke Reeder

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern fan 5-9 jier.

Tialda Hoogeveen (1974) waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. Tialda is sjoernalist en skriuwer en hat ferskate Nederlânsktalige boeken skreaun, foar bern en folwoeksenen.

Yke Reeder (1973) fynt beamkeklimme noch altyd leuk. As bern wie se graach bûtendoar om hutten te bouwen en tekene se ek al alles wat los en fêst siet. Yke sylde de heale wrâld oer en is yllustrator, dosint en ûndersiker. Har leafde foar de natuer en ferbyldingskrêft fynst yn dit boek werom.