Vers van de pers: Pippi yn it Frysk

Einliks is it safier: de ferhalen fan Pippi Langkous fan Astrid Lindgren binne der fan hjoed ôf ek yn it Frysk! Yn de Fryske edysje fan Pippi Langkous stean de dielen ‘Pippi Langkous’, ‘Pippi Langkous giet oan board’ en ‘Pippi Langkous yn Taka-Tukalân’. Geweldich foar alle bern en elk dy’t bern bliuwe wol. De ‘Fryske Pippi’ is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it sterktste famke fan de wrâld en is ferskynd by útjouwerij Afûk. De Fryske oersetting is makke troch Martsje de Jong: “It wie machtich om te dwaan. Ik seach it yn myn jeugd op telefyzje en letter ha ik de dvd’s mei myn eigen bern griis draaid en ik fyn it noch leuk.”

Keapje dyn Fryske Pippi yn de boekhannel of bestel it boek no fuortendaliks yn ús websjop!

Omslach Pippi Langkous – Fryske edysje