Wy hawwe in winner: studinten ûntwikkelje nij Tomke-spul

Takom jier sil der in nij Tomke-spul oanbean wurde oan pjutteboartersplakken en bernesintra. It spul is betocht troch studinten fan ROC Friesland College. De ofrûne perioade binne sa’n 50 studinten fan de oplieding ‘pedagogisch werk en onderwijsassistent’ hurd oan it wurk west om dit nije Tomke-spultsje te ûntwikkeljen. De sjuery hat ien groepke ta winner útroppen: Lieke Couperus, Anne Lageveen, Marrit de Groot en Tamara Jetten mei it seizoenen boerdspul. Harren spulidee sil de kommende tiid fierder ûntwikkele en realisearre wurde.  

Takom jier sil it spul oanbean wurde oan pjutteboartersplakken en bernesintra en te keap wêze foar thúsgebrûk. Yn 2021 wurdt ús grutte freon Tomke nammentlik alwer 25 jier en dat wurdt grut(sk) fierd. Der sille dan ek alderhande aktiviteiten ûntwikkele wurde om der in moai feestlik jier fan te meitsjen. Dêroer letter mear…

Lieke Couperus, Anne Lageveen, Marrit de Groot en Tamara Jetten mei harren winnende idee

De winners mei de sjueryleden Riemkje Pitstra (skriuwster Tomke-ferhaaltsjes), Luuk Klazenga (tekener Tomke) en Alex de Jager (direkteur Afûk)

Drok oerlis tusken de sjueryleden